Gjin auto's yn binnenstêd

21 jun 2008 - 14:22

De binnenstêd fan Ljouwert wurdt sneontejûn opnij ôfsletten foar auto's yn ferbân mei de fuotbalwedstryd fan it Nederlânsk alvetal.

Earder gebeurde dat ek al om foar te kommen dat der nei de wedstryd hurd by de útgeansgelegenheden delriden wurdt. Der komme ôfslutingen yn de buert by de Froupoartsbrêge, de Prins Hendrikbrêge en de rjochtbank. Der jildt ek wer in ferbod op it brûken fan glêswurk op terrassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)