Gjin auto's mear op pont

14 jan 2010 - 16:40
  • De pont kin de auto's net mear oersette

Minsken op it eilantsje De Burd by Grou wenje, kinne de kommende dagen net mei de auto nei de fêste wâl. De pont dy't tusken it eilân en de fêste wâl fart, nimt gjin auto's mear mei. Der leit safolle iis yn it Prinses Margrietkanaal dat de pont muoite hat om der trochhinne te kommen.

Fytsers en kuierders kinne noch wol oer, mar net mear sa faak as oars. It is noch net dúdlik wannear't de pont de auto's wol wer meinimme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)