Gjin autoraces yn Berltsum

31 aug 2011 - 21:43

De Modelbouwclub Friesland mei net mear mei radiografysk bestjoerbere auto's race op in racebaantsje by in maneezje yn Berltsum. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De auto's meitsje tefolle leven.

Om mei de auto's ride te kinnen hat de klup in omjouwingsfergunning nedich. De gemeente Menameradiel wol dy fergunning lykwols net ferliene, omdat de auto's te lûd binne. De gemeente wol trenings en wedstriden ferbiede. De rjochter is it dêrmei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)