Gjin autoferfier op pont by Grou

30 des 2000 - 14:58

De pont tusken Grou en it eilân De Burd kin troch in technysk defekt gjin auto's ferfiere. Nei alle gedachten is der wat mis mei de keppeling.

It materiaal dat foar de reparaasje nedich is moat út Limburg komme. Trochdat dêr op it stuit net wurke wurdt, moat it ark no út Ingelân komme. De pont sil nei ferwachting pas yn it nije jier klear wêze. Fuotgongers wurde wol ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)