Gjin asylsikerssintrum yn kleaster Wytmarsum

18 apr 2016 - 14:13
  • It kleaster yn Wytmarsum
  • Protestteksten op it kleaster yn Wytmarsum

Tom Genee lûkt de stekker út de plannen foar in azc yn Wytmarsum. Genee woe it eardere kleaster yn it doarp ombouwe ta opfanglokaasje foar 200 asylsikers. It plan soarge foar grut protest yn Wytmarsum. Dochs is dat net de reden dat Genee de plannen ynlûkt.

It kleaster wie geskikt foar 200 asylsikers, mar meiwurkers fan it COA en oare partijen hienen dêr gjin romte. Dêrfoar wie it eardere gemeentehûs yn Wytmarsum yn byld. De eigener dêrfan wol lykwols net mear meiwurkje. Dat makket de plannen net mear helber, seit Genee.

Genee hie it gebou lykwols kocht ûnder foarbehâld fan de ûntwikkeling fan it azc. No't dat net trochgiet, giet de keap foar Genee ek net troch.

Yn ferbân mei de nijste ûntwikkelings giet de ekstra gearkomste  fan de kommisje bestjoer en finânsjes tiisdeitejûn net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)