'Gjin asfalt mar gers op seedyk'

15 maaie 2006 - 10:15

De seedyk moat net mear asfaltearre wurde, mar der moat gers op groeie. Dat skriuwt yngenieur De Boer fan Ljouwert yn in beswierskrift tsjin it plan fan Wetterskip Fryslân om de dyk tusken Westhoek en Swarte Haan te asfaltearjen.

Yn Dútslân binne de seediken beklaaid mei klaai en gers. Foar de dyk leit dêr in basaltstrook. Diken mei gers binne miljeufreonliker en passe better yn it lânskip, fynt De Boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)