Gjin asbest yn Wergea

30 aug 2006 - 10:31

Yn de Kalsbeekstrjitte yn Wergea is gjin asbest fûn. Dat hat de gemeente Boarnsterhim bekendmakke. Ferline wike binne wurksemheden oan de strjitte stilset doe't de oannimmer by it iepenbrekken in golfplaat fûn. Dy soe fan asbest wêze, mar út ûndersyk docht bliken dat dat net it gefal is.

Nei oerlis tusken de gemeente en it ministearje fan VROM kin de oannimmer fierder mei it wurk. Wergea wurdt op 't stuit alhiel opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)