Gjin asbest fûn yn omkriten fan de ôfbaarnde loads Harns

24 jun 2015 - 12:30
  • (foto-ympresje)

Der is gjin asbest oantroffen yn de omkriten fan de ôfbaarnde loads oan de Sibadawei yn Harns. Dat seit de gemeente Harns. Allinnich ticht by de loads lizze lytse stikjes asbest. Omwenners hoege neffens boargemaster Sluiter net benaud te wêzen dat der asbest by harren hûs leit.

Wol advisearret de gemeente om alles wat bûten stiet goed ôf te spielen yn ferbân mei roet. Benammen griente en fruit út eigen tún moat goed skjinmakke wurde. Omwenners ha ek in brief krigen mei ynformaasje. In spesjalisearre bedriuw hat ûndersyk dien nei de asbest.

Wat der leit wurdt sa gau as mooglik opromme. Eigener Dreef Beheer seit dat se de loads al slope litte soene. Oer de ferantwurding foar it gebou wolle se neat kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)