Gjin asbest frijkaam by de wenningbrân yn Surhústerfean

17 des 2015 - 15:37
  • Brânwacht liet de wenning útbaarne

By de grutte útslaande brân yn Surhústerfean is woansdeitenacht gjin asbest frijkaam. Dat meldt de brânwacht. By de brân gie in wenning oan de Grinzerstrjitte hielendal ferlern.

It fjoer ûntstie tsjin trije oere. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út it dak. Om't de wenning net mear te rêden wie, hat de brânwacht it hûs útbaarne litten. De wenning stie al eefkes leech. It is noch net dúdlik hoe't it fjoer ûntstien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)