'Gjin asbest by brân Ljouwert'

20 okt 2013 - 07:24

Ut in earste ûndersyk hat bliken dien dat der by de grutte brân oan de Kelders yn Ljouwert gjin asbest frijkaam is. Dat lit de gemeente witte. Om seis oere sneintemoarn waard it sein 'brand meester' jûn. Dat betsjut net dat de brânwacht ek klear is mei syn taak, nei alle gedachten moat der noch oeren neiblust wurde. Salang bliuwt it troffen gebiet ôfset, ek de grêft yn 'e buert is ôfsletten. De plysje krijt by it ôfsetten help fan de Mobiele Eenheid.

De gasliedingen yn it gebiet binne yntusken ôfsletten, dat makket it bluswurk makliker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)