'Gjin ankelbân, mar wurkje"

06 jun 2013 - 07:05
  • finzenis

Detinearren moatte wurkje wylst se har straf útsitte en net thús mei in ankelbân op de bank sitte. Dat is de kearn fan it plan fan it personiel fan de finzenissen yn Nederlân, om de miljoenebesunigings op te fangen. Steatssiktaris Teeven wol besparje op de finzenissen, ûnder oare troch elektroanyske detinsje. De Twadde Keamer praat der tongersdei oer.

It personiel fynt dat de plannen fan Teeven gjin fyzje ha en komt mei in eigen foarstel. Belangrykste ferskil is dat detinearren oan de slach gean mei wurk dat no lizzen bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)