Gjin animo wedstriid brânwacht

04 nov 2003 - 00:00

Fan alle skoallen yn Fryslân dy't de brânwacht frege hie om mei te dwaan oan in kollaazjewedstriid, hat mar ien reagearre. Sa'n 500 skoallen hiene it fersyk krigen kollaazjes te meitsjen oer in brângefaarlike situaasje.

De oprop is dien yn de brânprevinsje- wike, dy't dit jier it tema 'skoallen' meikrigen hie. Allinnich de Eker út Eanjum hie kollaazjes makke. In útstalling yn de Ljouwerter kazerne oer it wurk giet no net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)