Gjin animo foar ynspraak waadgas

12 maaie 2006 - 16:52

Der hat yn Fryslân net in soad belangstelling west foar de ynspraak byienkomsten oer it waadgas yn Dokkum. Freedtemiddei hold de Nederlandse Aardoliemaatschappij in byienkomst yn de IJsherberg yn Dokkum.

Der wie lykwols mar ien persoan dy't ynspruts by de harksitting oer de fergunnings dy't nedich binne foar de gaswinning. Neffens in NAM-wurdfierder ha minsken har der al by dellein dat der gas út de Waadsee helle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)