Gjin animo foar Fryske sporten

08 sep 2007 - 16:18
  • Leech terrein op promoasjedei Fryske sporten
  • Bart Helmholt: oan 'e kant

De promoasjedei foar de Fryske sporten tippen, keatsen en fierljeppen is sneon útrûn op in teloarstelling. By Sportstêd Hearrenfean koene minsken de sporten besjen en ek meidwaan, mar der kaam suver gjin publyk op ôf.

It parkearterrein by it Abe Lenstrastadion, dêr't it keatsen, fierljeppen en tippen promoaten waard, bleau leech. Nederlânsk kampioen fierljeppen Bart Helmholt stie ek mar wat mei de hannen yn 'e bûse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)