Gjin animo foar demonstraasje

19 des 2003 - 00:00

De opkomst foar in demonstraasje tsjin de besunigings fan it kabinet Balkenende foel tongersdei ôf. Noch gjin 50 minsken rûnen mei yn de fakkeloptocht dy't fan de Bonifatiustsjerke oer de Voorstreek en it Saailân gie en einige op de Nijstêd.

De aksje wie organisearre troch it Platfoarm 'Keer het Tij', dêr't ûnder oaren de PvdA, GrienLinks, de SP en de fakbûnen yn sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)