Gjin alternative toertocht

17 jan 2014 - 15:31
  • It peleton ûnderweis op de Weissensee yn Easternryk yn 2013

De earste alternative Alvestêdetoertocht op de Weissensee dy't kommende tiisdei holden wurde soe, giet net troch omdat it iis te min is. De waarberjochten binne ek net sadanich dat it der op liket dat it de kommende dagen better wurde sil.

It reint op dit stuit op de Weissensee en dêrtroch wurdt it iis hurd minder. Foar de langere termyn lykje de waarberjochten wat geunstiger. Dêrom hat de organisaasje ek noch gjin beslút nommen oer de oare tochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)