Gjin alkohol ûnder de 16

23 apr 2008 - 12:14

Bern ûnder de 16 jier meie net oan de alkohol. Dat stiet yn it plan tsjin alkoholmisbrûk, dat makke is troch provinsje, plysje en GGD.

Ek wolle de organisaasjes berikke dat de jeugd op in ferantwurde wize omgiet mei alkohol. It alkoholgebrûk ûnder de Fryske jeugd is de lêste tsien jier bot tanommen en it tal swiere drinkers is ek heger as yn Nederlân yn_trochsneed. De jongerein sil as earste fernimme dat de regels dy't der binne skerper neikommen wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)