Gjin âldjiersdûk op 'e Lemmer

30 des 2009 - 12:15
  • Op it plak fan 'e âldjiersdûk leit in soad iis...

De earste âldjiersdûk op it strân fan De Lemmer giet definityf net troch. In sneue bak, want ek ferline jier moast de organisaasje it evenemint skrasse. Der leit op it stuit iis yn de Lemster Baai en de gefoelstemperatuer is -10.

Dat binne gjin goeie omstannichheden foar in bikiny of swimbroek. De Lemster âldjiersdûk wie in inisjatyf fan Radio Lemsterlân. De lokale omrop hie der bot sin oan, mar moat no bekend meitsje dat de dûk lykas ferline jier oergiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)