Gjin aksjes yn skipssektor

10 maaie 2007 - 09:58

Op it lêste momint binne aksjes yn 'e skipsarksektor foarkaam troch in prinsipe-akkoart oer in nije cao. Dat melde de fakbûnen. Der soene tongersdei wurkûnderbrekkings wêze by Fryske seilmakkers, mar dat is no foarearst net mear nedich.

De cao-ûnderhannelings rûnen ein maart fêst. Nei aksjedrigings is der opnij oerlein. Dat hat tongersdeitemoarn laat ta in prinsipe-akkoart. De sektor hat lanlik 1300 wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)