Gjin aksjes Friesland Bank

30 maaie 2013 - 16:32

Wurknimmers fan de eardere Friesland Bank komme foarearst net mei aksjes tsjin de Rabobank. Fakbûn FNV en de Rabobankdireksje hiene tongersdei oerlis. Neffens it FNV is dat goed gien.

De Friesland Bank-meiwurkers wiene it net iens mei harren funksjes by de Rabobank nei de fúzje tusken beide banken. Sa hawwe neffens it fakbûn by de Rabobank folle legere posysjes krige. Om't de Rabobankdireksje tasein hat dat se dêr nochris nei sjen sille, binne wat it fakbûn oanbelanget aksjes foarearst fan de baan.

Op oare striidpunten hat de Rabobank ek tasein nochris te besjen oft dy oplost wurde kinne. De Rabobank en it fakbûn oerlizze fierder op moandei 10 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)