Gjin aksjes by Domino Day

19 nov 2005 - 15:25

Mar twa minsken hawwe freed besocht Domino Day yn Ljouwert te fersteuren. Der wie ien aksjefierder en in persoan dy't mei in pizzadoaze fol mei mûzen it FEC besocht yn te kommen.

Fan te foaren wie der op ferskate ynternetsides te lêzen dat der aksjes komme soene. Der waard jild tasein oan dejinge dy't de stiennen omkrije koe foar't de rekordpoging begûn. Dat is net slagge; it rekord waard brutsen mei mear as fjouwer miljoen dominohoutsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)