Gjin aksjes by Doeksen

28 maaie 2014 - 19:35
  • Rederij Doeksen

Der komme foarearst gjin aksjes by rederij Doeksen. FNV en CNV en de rederij koenen it earder net iens wurde oer de nije CAO. De fakbûnen hienen de rederij in ultimatum steld om foar woansdeitemoarn tsien oere mei in akkoart te kommen.

Doeksen lit witte dat de ûnderhannelings woansdeitemiddei wer op gong kommen binne, en dat der no in prinsipe-akkoart leit. De fakbûnen sille dat oan 'e leden foarlizze. De direksje fan Doeksen tinkt dat it akkoart wol yn goeie ierde falle sil by de wurknimmers.

Neffens direkteur Paul Melles wie de sfear nei de ûnderhannelings mei de fakbûnen en de kaderleden prima. Tiisdei drigen de bûnen noch mei in ultimatum en aksjes as Doeksen harren net temjitte komme woe. Wichtichste punten yn it akkoart binne in kompromis oer in leansferheging en ferbettering fan de roasters fan de minsken. Melles is tige wiis mei de oerienkomst, sa flak foar it heechseizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)