Gjin aksjes by betonfabryk

17 jan 2011 - 18:18

Der komme gjin aksjes by betonfabryk Haitsma yn Koatstertille. By Haitsma ferlieze tsien minsken harren baan, mar de wurknimmers binne it net iens mei foarstellen foar in sosjaal plan. It giet ûnder oare oer de oanfolling op de WW-útkearing.

Op in gearkomste fan de fakbûnen kamen tiisdeitemiddei net in soad meiwurkers ôf. It einbod fan de wurkjouwer waard ôfwiisd, mar de meiwurkers wolle net yn aksje komme foar in better bod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)