Gjin aksjes by Althuisius

20 mrt 2013 - 13:55

Der komme gjin aksjes fan de fakbûnen by transportbedriuw Althuisius yn Grou. Earder drigen de bûnen dêr mei, as de direksje fan it bedriuw net foar freed 12 oere werom kaam op syn foarnimmen om personiel wurkje te litten by oare fêstigings.

It wurk yn Grou soe dan oernaam wurde troch tydlike krêften. De direksje hat neffens de fakbûnen no tasein dat wurknimmers safolle mooglik har wurk yn Grou hâlde. De bûnen lizze it akkoart kommende sneon foar oan har leden by Althuisius.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)