Gjin aksje tsjin skûtels

14 jan 2014 - 12:14
  • De skûtels fan Boerum

Boargemaster Bearn Bilker ûndernimt gjin aksje nei oanlieding fan de berjochten yn de media oer de skûtels by Boerum. Der hat hjiroer ek noch gjin kontakt west mei Den Haach. Bilker wit net wat der bart by it bedriuw dat oer de hiele wrâld sit, mar it docht him gjin nij dat Amearika klant is en dat der ynformaasje foar it Amerikaanse leger ferstjoerd wurdt.

Der is lykwols gjin reden om op te treden, seit Bilker, om't de boargemaster en de gemeente net it foech hawwe. Dat leit neffens de boargemaster yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)