Gjin aksje tsjin hotels Ljouwert

06 des 2006 - 06:17

De gemeente Ljouwert ûndernimt gjin aksje tsjin hotels dy't ûnterjochte hege toeristebelesting heffe. Dat skriuwe B&W yn antwurd op fragen fan de PvdA-fraksje. Guon hotels meitsje misbrûk fan toeristebelesting troch hegere bedragen yn rekken te bringen en dy net ôf te stean.

Koartlyn is besletten om de toeristebelesting ôf te skaffen. Der sil wurk fan makke wurde om dat oan de toeristen dúdlik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)