Gjin akkoart toiletgebou Harns

03 sep 2009 - 09:48

De gemeente Harns giet om 'e tafel mei omwenjenden fan in nij te bouwen toiletgebou foar wettersporters oan de Zuidoostersingel. Wethâlder Frans Zomers woe it ûntwerp bestimmingsplan foar it gebou woansdeitejûn yn stimming bringe, mar dêr wie de ried it net mei iens.

It foarstel is no werom nommen. Under oaren nei oanlieding fan ynspraak fan omwenjenden, dy 't mei ferskate alternativen foar it plan kamen. Wêrûnder in kombinaasje mei Trebol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)