Gjin akkoart Doeksen en FNV

20 sep 2013 - 06:34
  • De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen

It fakbûn FNV oerleit freedtemoarn mei de direksje fan rederij Doeksen, oer it skeel oer de wurktiden. It skeel is ûntstien trochdat Doeksen de tsjinstregeling oanpast hat. Personeel wit no net mear wannear en hoe lang der wurke wurde moat. It fakbûn stelde Doeksen earder fan 'e wike in ultimatum dat yn de nacht fan tongersdei op freed om tolve oere ôfrûn. Dêr is ynhâldlik net op reagearre.

As der nei it oerlis fan freedtemoarn neat feroaret, folgje aksjes. Watfoar aksjes dat binne wol it fakbûn noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)