'Gjin afterparties mear'

30 sep 2004 - 17:14

It moat útwêze mei afterparties let yn de nacht en moarns betiid yn Ljouwert. Ek moat it plysjeburo werom yn de binnenstêd en is it projekt sinleas geweld mislearre. Dat binne de konklúzjes dy't hoareka-ûndernimmer Bruning fan muzykkafee De Gloppe lûkt nei oanlieding fan de dea fan Manuel Fetter.

Benammen de afterparties drage neffens him by oan it geweld en de ûnfeiligens yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)