Gjin aaietekoart troch fûgelpest

03 mrt 2003 - 00:00

Der binne dizze wike noch genôch aaien te keap dy't út foarried levere wurde. Hannelers en produsinten wachtsje troch de fûgelpestútbraak by Barneveld mei spanning de ûntjouwingen oangeande de pest ôf. Oant no binne aaien net bot djoerder wurden.

By Frisian Egg yn Drachten, de grutste aaihanneler en ferwurker yn it Noarden, komme in protte fragen binnen. Bygelyks oft der risiko's binne foar de folkssûnens. Dy binne der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)