Gjin 2e boumerk yn Easterwâlde

23 mrt 2007 - 10:56

Yn Easterwâlde mei dochs gjin twadde boumerk komme. Gamma hie fan de gemeente Eaststellingwerf fergunning krigen om op Yndustryterrein Venekoten te bouwen. Dêr kamen lykwols beswieren tsjin fan besteande boumerken út Appelskea en Easterwâlde omdat der gjin romte wêze soe foar in twadde boumerk yn Easterwâlde.

Undersyk lit no sjen dat der al genôch boumerken yn de regio binne. De gemeente lûkt no de fergunning wer yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)