Gjin ûndersyk nei bad De Welle

11 jan 2012 - 10:37

Der komt gjin ûndersyk nei mooglike misstannen by swimbad De Welle yn Drachten. Yn de ried fan Smellingerlân krige in moasje fan SP en D66 foar sa'n ûndersyk te min stipe. Koartlyn kamen âld-meiwurkers fan it swimbad mei klachten oer de direksje nei bûten. Der soe in minne wurksfear hearskje en de direksje soe meiwurkers yntimidearje. Wethâlder Ketelaar liet witte net op yndividuele gefallen yn te gean en fynt dat it selsstannige swimbad problemen sels oplosse moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)