Gitaarlessen yn De Westerein

25 maaie 2008 - 12:25

It jongereinwurk fan SWD Fryslân hat it ôfrûne jier wakker krewearre om de popkultuer ûnder jongerein yn de gemeente Dantumadiel te stimulearjen. Sûnt ôfrûne jier wurde der yn poppoadium It Badhûs yn De Westerein moanliks konserten organisearre en wurdt der troch ferskate bands oefene.

It jongereinwurk wol dit útwreidzje mei it organisearjen fan gitaarlessen. Under lieding fan gitaardosint Timme Koudstaal sille der fan septimber ôf op tiisdei gitaarlessen jûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)