Girlsday moat famkes entûsjast meitsje foar technysk berop

23 apr 2015 - 15:31
  • Famkes te gast by technyske bedriuwen

Mear froulju moatte in technysk berop kieze. Mei dat doel is tongersdei de lanlike Girlsday organisearre. Famkes tusken de 10 en 15 jier binne útnoege om in dei mei te rinnen yn technyske bedriuwen. By in protte technyske bedriuwen wurkje hast allinnich mar manlju.

As der al froulju wurkje sitte se op kantoar. Faber Audiovisueel fan Sint Anne docht ek mei oan de Girlsday. Famkes mochten sels in kamera betsjinje en yn de rezjywein it resultaat besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)