Gildebier werom yn tsjerke

20 aug 2011 - 12:51
  • De gildebier wurdt de RK-tsjerke útdroegen

Warkum gie sneontemoarn eefkes werom yn de tiid. Acht dragers droegen in âlde gildebier werom fan de roomske tsjerke nei de opknapte herfoarme Sint Gertudistsjerke. In gildebier waard eartiids brûkt om minsken te hôf te bringen. Mei it werombringen fan de bieren komt in ein oan de 2,7 miljoen kostjende opknapbeurt fan de tsjerke.

De opknapte Sint Gertudistsjerke wurdt op 10 septimber offisjeel iepene troch âld-Warkumer en CDA-fraksjefoarsitter Sybrand van Haersma Buma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)