Giftich dúnkrúskrûd op Amelân

24 maaie 2008 - 12:44
  • dit plantsje is gefaarlik foar bisten

Op It Amelân is it gefaarlike dúnkrúskrûd fûn. It plantsje is in fariant fan it bekendere jakobskrúskrûd en is foar bisten hiel giftich. Benammen kij en hynders soene der in soad lêst fan krije kinne at se it ite.

De gemeente ropt boeren en grûneigners op om har lân goed yn de gaten te hâlden en it krûd fuort te heljen as it yn it lân groeit. Minsken kinne lêst krije fan de hûd at se it plantsje oanreitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)