Gifmoardsaak:"fragen oer brân"

30 okt 2014 - 10:56
  • Ada S. Gifmoard foar de rjochter

Op de twadde sittingsdei fan de rjochtsaak oer de gifmoarden, giet it yn earste ynstânsje oer de brânstichting yn it hûs fan de partner fan de fertochte. Dit gebeurde yn juny 2013 yn Boxmeer. Der binne ferskate tsjûgen oproppen. In 52-jierrige frou út Boxmeer stiet terjochte.

Njonken de brânstichting wurdt se fertocht fan moard mei gif op har 57-jierrige man út Frjentsjer op 22 augustus 2012. Derneist soe de frou har earste man, in 44-jierrige man út Enkhuizen yn 2004 fermoarde ha.

Tongersdei wurdt de eask bekend makke. De advokaat fan de frou freget om frijspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)