Gielich wetter no ferline tiid

30 sep 2010 - 15:09

Der komt gjin gielich wetter mear út de kraan by 140.000 húshâldens yn it westen fan Fryslân. Wetterbedriuw Vitens ûntkleuret it drinkwetter mei spesjale tsjettels yn Spannenburch. Dêrtroch is it wetter helderder en skynt it betiden blau-achtich út.

It giele wetter wie net min foar de konsumint, mar dochs woe Vitens derfan ôf, om de klanten in better gefoel te jaan. Oar bykommend foardiel is dat de wetterliedings no minder faak skjinmakke hoege te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)