Giele kaarten by obstakels

01 jun 2003 - 00:00

Winkeliers yn Eaststellingwerf dy't buorden op de stoepe foar de winkel sette, kinne fan't simmer wer rekkenje op in giele kaart. Itselde jildt foar minsken dy't har auto ûnterjocht op in parkearplak foar ynfaliden delsette.

In de wurkgroep dy't de tagonklikens fan Eaststellingwerf befoarderet sil de giele kaarten útdiele. De aksje is bedoeld om minsken te wizen op de oerlêst dy't minsken yn in rolstoel ha kinne fan obstakels op stoepe of dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)