Giele en reade kaarten yn disko

21 okt 2004 - 12:32

De disko yn Bantegea nimt hurde maatregels tsjin jongeren dy't foar oerlêst soargje. Troch it útdielen fan giele en reade kaarten wol de organisaasje fan de disko benammen de knokpartijen nei slutingstiid foarkomme. Jongeren dy't in reade kaart krije meie in jier lang net mear de disko yn.

Organisator fan de moannelikse disko Oane van de Molen is sels ek wol ris bedrige en hat no syn nocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)