Giel kraanwetter yn Súdwest-Fryslân net gefaarlik

04 feb 2015 - 06:43

Troch in steuring komt der woansdeitemoarn giel wetter út de kraan by húshâldens yn Súdwest-Fryslân. Wetterbedriuw Vitens jout oan dat it wetter net gefaarlik is en gewoan dronken en brûkt wurde kin.

It giele wetter is it gefolch fan in steuring yn de saneamde 'ûntkleuringsynstallaasje' yn Tsjerkgaast. Troch in stroomdip koe dizze ynstallaasje it wetter net ûntkleurje en krige it wetter syn natuerlike gielige kleur. Yn de rin fan de dei is it wetter wer gewoan, lit Vitens witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)