Giel asfalt yn De Knipe

03 sep 2004 - 17:25

De Knipe ûndergiet op dit stuit in metamorfose. De dyk troch it doarp wurdt mei giel asfalt belein. De opfallende kleur moat derfoar soargje dat it ferkear minder hurd rydt. Drompels en flitspeallen skrikke net genôch ôf en dêrom is oergien ta giel asfalt.

De 8 meter brede Meyerwei troch it doarp ferwurket op in gewoane seistûzen auto's. Dy hâlde harren net allegearre oan de maksimumsnelheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)