Gids 'Oars Ite' fan topkoks

30 sep 2014 - 22:24

Laaksumer bot, Hutspotsop mei Fryske droege woarst, Fryske hangop, allegear Fryske resepten dy't byelkoar steane yn in spesjaal boekje. De gids 'Oars Ite' mei 25 resepten fan Fryske topkoks waard tiisdei yn de Friese Poort yn Snits presintearre. It boekje is ta stân kaam mei help fan de Fryske Miljeufederaasje.

Dy fynt it wichtich dat de Friezen mei harren libbensstyl it miljeu sa min mooglik belêste. Ien fan de manieren is om seizoen- en streekprodukten te iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)