Ghoochannejhad nei België

17 jun 2011 - 17:35

Cambuuroanfaller Reza Ghoochannejhad giet defintyf nei de Belgyske earsteklasser Sint Truiden. Dat is freed oan 'e ein fan de middei bekend wurden.

Ghoochannejhad hie noch in kontrakt foar ien jier yn Ljouwert. De spits spile it ôfrûne seizoen 24 kompetysjeduels foar Cambuur. Dêryn skoarde er 13 kear. Sint Truiden einige it ôfrûne siezoen as 12e yn de heechste klasse fan België.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)