Ghoochannejhad ferhierd

29 jan 2007 - 10:01

Hearrenfean-fuotballer Reza Ghoochannejhad wurdt per direkt foar in heal jier ferhierd oan earste divisionist Go Ahead Eagles. De 19-jierrige oanfaller fan it belofteteam wurdt yn Deventer de opfolger fan Loïc Loval, dy't foar 2,5 jier tekene hat by de FC Utrecht.

Ghoochannejhad kaam oant no ta ien kear as ynfaller yn aksje yn it earste fan de sportclub Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)