GHB-hanneler oanholden

15 jun 2010 - 09:56

De plysje hat in man fan 30 jier fan It Hearrenfean oanholden foar hannel yn GHB. Hy hat bekend dat er al in pear jier GHB makke en ferkocht oan meardere gebrûkers. De man ferklearre dat er yn de ôfrûne twa jier sa'n 13 liter GHB ferkocht hat.

Sels is er swier ferslaafd oan de drug. De plysje hie in ûndersyk ynsteld, omdat der it ôfrûne jier op It Hearrenfean meardere kearen minsken bewusteleas op strjitte oantroffen waarden nei it gebrûk fan GHB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)