GHB-dealer pakt op It H'fean

17 feb 2012 - 10:19
  • GHB

Op de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean is tongersdei in man oanhâlden op fertinking fan hannel yn GHB. De man foel op omdat er gjin ljocht op 'e fyts hie. Dêr krige er in bekeuring foar. De plysje kontrolearre de rêchsek fan de man en fûn dêr in tal fleskes mei GHB, de saneamde ferkrêftingsdrug. Hy hie ek in flesse mei in grûnstof foar GHB by him.

Omdat de man bot ferslaafd is, wie it net fertroud om him op it plysjeburo fêst te hâlden. Hy wurdt letter as fertochte heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)