GHB-brûker lestich foar plysje

24 sep 2010 - 09:55

In Ljouwerter (27) hat de plysje woansdei hannen fol wurk besoarge. De man lei út de tiid op It Vliet. Doe't de plysje der by kaam, kaam de man wer wat by. De man wie balstjurrich en woe syn namme net jaan. Hy moast mei nei it buro, mar gie yn de auto troch it lint. Dêrnei foel hy yn sliep. Yn de sel gie de man opnij troch it lint.

Nei in petear mei in GGD-arts joech de man ta dat syn gedrach kaam troch it gebrúk fan GHB. De man is moarns wer roppend en razend nei hûs gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)