GGZ yn gesprek oer benzinejild

26 jun 2008 - 10:59
  • GGZ-meiwurkers wolle mear benzinejild.

De ferpleechkundigen fan de GGZ Fryslân sille mei de ried fan bestjoer fan GGZ om tafel foar in bettere kilometerfergoeding.

De ferpleechkundigen hawwe tongerdeitemoarn aksjefierd. Sy fine dat de kilometerfergoeding fan 34 sint te min is, no´t de brânstofprizen sa heech binne. De wurknimmers wolle nei de ANWB-noarm fan 44 sint. Neffens fakbûn Abvakabo_FNV moat der foar 1 septimber in oplossing wêze, oars komme der nije aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)