GGZ wol mantelsoargers stypje

21 okt 2014 - 14:11

GGZ Fryslân besiket der mei in enkête achter te kommen wat foar stipe mantelsoargers fan de organisaasje hawwe wolle. It giet dan om stipe fia ynternet. De organisaasje stelt op syn webside in oantal fragen oan de mantelsoargers. Mei de antwurden sil de ynformaasje opsteld wurde.

De GGZ tinkt dan bygelyks oan ynformaasje oer bepaalde sykten of advizen oer hoe om te gean mei famylje of kunde dy't by de ynstelling behannele wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)